Nije earekoade foar rekreanten op it Waad

Waadrinne by Lauwerseach (foto as yllustraasje) © ANP
De 'Erecode voor Wadliefhebbers' wurdt fernijd. De erekoade bestiet út regels, dêr't alle rekreanten op it Waad har oan hâlde moatte. De nije koade wurdt freonliker fan toan. Sa is der bygelyks omtinken foar plakken dêr't fugels mei heech wetter hinne kinne. Ek stiet der no yn dat rekreanten lang net oeral hurd farre meie.
De nije earekoade wurdt freed presintearre by de iepening fan Boot Holland.