Van Koesveld nei Hearrenfean; Raitala ferlit de klup

02 feb 2015 - 10:55

Fuotballer Robert van Koesveld komt fan Ajax oer nei SC Hearrenfean. Van Koesveld is 20 jier en in linkspoat dy't benammen yn de ferdigening spilet. Hy spile 10 wedstriden yn de Jupiler League foar Jong Ajax. Van Koesveld is de opfolger fan Jukka Raitala. De Finske linksback mei fan Hearrenfean fuort en hat syn kontrakt opsein. Raitala kaam yn 2012 oer fan Osasuna nei SC Hearrenfean en spile it earste seizoen 20 wedstriden.

Hearrenfean tinkt no fierder klear te wêzen. Moandeiteûn om tolve oere slút de transferperioade.

Neffens manager fuotbalsaken Hans Vonk kin it noch wêze dat Michael Chacon, dy't benammen by Jong Hearrenfean spilet, ferhierd wurdt.

Freedtejûn waard bekend dat Daley Sinkgraven SC Hearrenfean ferlit en nei Ajax ta giet. Hearrenfean hiert op syn beurt middenfjilder Lerin Duarte foar in healjier fan Ajax. Thomas Dalgaard wurdt foar in healjier ferhierd oan it Deenske OB.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)