Frou (21) slein mei wynflesse nei rûzje

© Stock.xchng, Trublueboy
In 21-jierrige frou út Ljouwert is sneintemiddei yn har hûs op de holle slein mei in brutsen wynflesse. It slachtoffer krige spul mei in oare frou, dy't by har thús wie om guod op te heljen. By de rûzje rôp de frou dy't op besite wie har man der by. De man sloech it 21-jierrige slachtoffer mei de wynflesse en rekke ek noch in oare bewenner. Dêrnei naaiden de fertochte en de frou út.
De plysje koe it twatal yn de buert fan de wenning oanhâlde. It slachtoffer hat oanjefte by de plysje dien. Se is yn it sikehûs behannele foar har ferwûnings.