Ljouwerters fêst foar stellen oanhingwein mei ark

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan snein op moandei twa ynbrekkers oanholden. De mannen, twa Ljouwerters fan 39 en 56 jier, soene ynbrutsen hawwe by in bedriuw oan de Jupiterwei om in oanhingwein mei allerhanne ark te stellen.
De plysje seach de mannen riden op de Anne Vondelingwei en sette se oan de kant. Yn ôfwachting fan fierder ûndersyk sitte de mannen noch fêst. De auto en it stellen guod binne yn beslach naam.