Ljouwerter bedriget meiwurker fytsestalling

02 feb 2015 - 10:37

De plysje yn Ljouwert hat snein in 24-jierrige Ljouwerter oanholden foar bedriging. De man woe in rekken by de fytsestalling by it stasjon net betelje en bedrige de 29-jierrige meiwurker. De meiwurker warskôge de plysje, dy't de man op it Stasjonsplein oanhâlde koe. Der is proses-ferbaal tsjin de Ljouwerter opmakke.

Trefwurden: 
Ljouwert bedriging stasjon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)