Thijsje Oenema wint yn Tilburg, Yvonne Nauta yn Grins

02 feb 2015 - 08:04
  • Thijsje Oenema

Thijsje Oenema is snein yn Tilburg nasjonaal kampioen op de pure sprint wurden. Dat is in wedstriid oer trije ôfstannen: de 100, 300 en 500 meter. Oenema wûn alle ôfstannen, al moast se de winst op de 100 meter diele mei Floor van den Brandt. Fjirtjin dagen lyn waard de Jouster foar it earst Nederlânsk kampioen sprint oer twa kear de 500 en twa kear de 1000 meter. Yvonne Nauta pakte yn Grins de Gruno bokaal. Op de twadde dei wûn Nauta de 1500 en 5000 meter en it einklassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)