Aris wint mei 87-73 fan Rotterdam

01 feb 2015 - 17:59

De basketballers fan Aris ha sneintemiddei in belangrike oerwinning helle. Yn it Kealledykje waard mei 87-73 wûn fan Rotterdam. De Ljouwerters giene de hiele wedstryd oan de lieding. By de rêst wie it 40-30, nei it tredde kwart wie de foarsprong oprûn nei 17 punten: 67-50.

Coach Tom Simpson is tige bliid mei de oerwinning. Neffens him wie dit nedich foar it selsfertrouwen fan de ploech. Hy hie oan it team frege om foar de folle hûndert persint derfoar te gean en dat is slagge. Takom wike moat Aris út tsjin Zwolle.

Trefwurden: 
Aris basketbal Rotterdam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)