Film fan 18-jierrige filmmakker yn premjêre yn Ljouwert

01 feb 2015 - 17:15

De film Dystopië fan de 18-jierrige filmmakker Thom Lunshof út Ljouwert giet tiisdei yn de Ljouwerter bioskoop Cinema yn premjêre. Thom skreau it skript fan de film as profylwurkstik, mar makke de film oanslutend ek. Dat barde mei crowdfunding en help fan sa'n tritich frijwilligers. De film Dystopië giet oer in jonge dy't syn draai net fine kin en dan yn in sekte bedarret.

Thom basearre syn film op de psycho-analyze fan de bekende neurolooch Sigmund Freud. Op 10 en 11 febrewaris is de film ek foar it publyk te sjen.

Nei it eineksamen wol Thom graach nei de Filmakademy yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)