Van den Belt hat lêste wurkdei by SC Cambuur hân

01 feb 2015 - 15:18

Direkteur Gerald van den Belt wie sneontejûn foar it lêst yn funksje as direkteur fan SC Cambuur. Fan snein ôf giet hy oan de slach by FC Twente. En datselde Twente wie de lêste tsjinstanner fan Cambuur mei Van den Belt as heechste baas.

Hy skode mei it iten foar de lêste kear oan by syn Ljouwerter kollega's, krige in nije Twente-strik en wie efkes ko-kommentator op Omrop Fryslân. Ek liet er syn nije wurkplak yn it stadion fan Twente sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)