"Swimbad Vitaloo yn Boalsert fan belang foar de regio"

De takomst fan swimbad Vitaloo yn Boalsert is ûnwis. Dêrom is dit wykein in spesjale swimdei hâlden troch Stichting ONS zwembad en Optisport. Doel wie om de lokale polityk sjen te litten hoe belangryk it swimbad foar de stêd en de regio is.
Neffens Optisport-regiomanager Evert Jan Siderius is der in takomst foar it swimbad, omdat der in goede gearwurking is mei de stichting ONS zwembad dêr't frijwilligers yn sitte. Hjirtroch hoecht de gemeente Súdwest-Fryslân finansjeel minder by te springen.
De rie fan de gemeente Súdwest-Fryslân praat op 4 febrewaris oer de takomst fan it swimbad.