Kuorballers fan SCO mei 32-25 ûnderút by SDO

01 feb 2015 - 12:38

De kuorballers fan SCO ferlearen sneontejûn de útwedstriid mei 32-25 fan SDO. De ploech fan trainer Aegle Frieswijk wist yn de earste helte goed de oansluting te hâlden. Beide ploegen sochten de klaaikeamers op by in stân fan 14-14.

Nei rêst naam SDO de lieding oer en rûn út nei 24-19. De ploech út Aldeholtpea wist noch knap werom te kommen, mar by in stân fan 28-25 wie it krûd damp. De thúsploech koe sadwaande útrinne nei dochs noch in romme oerwinning.

Trefwurden: 
kuorbal SCO Aldeholtpea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)