Gjin WK allround yn Calgary foar Jorrit Bergsma

Jorrit Bergsma (argyf) © ANP
Reedrider Jorrit Bergsma fan Aldeboarn kin dielname oan de WK allround yn maart yn Calgary ferjitte. By de wrâldbekerwedstriden yn it Noarske Hamar ried Bergsma snein yn de B-groep in matige tiid op de 1500 meter. Hy sette in tiid del fan 1.50.22. Dat is goed trije sekonden boppe syn persoanlik rekôr.
Syn konkurrint Douwe de Vries wie 2 sekonden en 55 hûndertste rapper as Bergsma. Dat ferskil wie te grut. Yn in fiktyf klassemint op de 5 km en 1500 meter mocht Bergsma mar 1.55 sekonden ferspylje op De Vries.
Douwe de Vries wit ek noch net oft er it WK ride mei. Hy is ôfhinklik fan de prestaasje fan Wouter olde Heuvel op de 1500 meter. Olde Heuvel komt sneintemiddei yn aksje yn de A-divyzje.