Lemster ferwûne by oanriding op De Lemmer

01 feb 2015 - 10:44

In 53-jierrige man fan De Lemmer is sneintemoarn ferwûne rekke by in oanriding op de Stadionswei op De Lemmer. In 38-jierrige man fan It Hearrenfean rekke yn in flauwe bocht de macht oer it stjoer kwyt, nei alle gedachten troch glêdens.

Hy botste mei syn auto frontaal op de auto fan de Lemster. Dy is nei it sikehûs brocht. It is net bekend wat him mankearde.

Trefwurden: 
plysje oanriding Lemmer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)