Marit Bouwmeester tredde yn einstân WB Miami

31 jan 2015 - 20:11
  • Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester is yn Miami by de wrâldbekerwedstriden tredde wurden yn de einstân. Yn de medaljerace fan de Laser Radial hie de ynwenster fan Warten healwei de lieding. Yn it lêste krúsrak sochten har twa konkurrinten, de Deense Anne-Marie Rindom en de Belgise Evi van Acker, beide in kant fan it wedstriidwetter. Bouwmeester koe har foarsprong net mear fêsthâlde. "Ik koe se beide net ferdedigje en sylde net mear myn eigen race", wie har kommentaar nei ôfrin. Rindom waard tredde yn de finale, goed foar de einoerwinning.

Evi van Acker kaam as fiifde binnen en pakte it sulver. Marit Bouwmeester einige as sânde. De regearend wrâldkampioene einige mei ien punt mear as Van Acker op it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)