ONS Boso Snits ferliest fan IJsselmeervogels

31 jan 2015 - 17:03

ONS Boso Snits hat sneon it topklasseduel tsjin IJsselmeervogels mei 3-0 ferlern. Op it Sudersportpark spilen de Snitsers troch blessueres en skorsingen yn in 'fantasy-opstelling'. De earste helte waard noch sûnder skea ôfsletten. Yn de twadde helte wie de kâns op súkses gau ferdwûn. Achmed Ahahaoui, Jeffrey Buitenhuis en Thomas Verheijdt skoarden binnen in kertier foar de ploech út Bunschoten-Spakenburg.

Trefwurden: 
fuotbal ONS Boso Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)