Soad belangstelling foar nije sirkusoplieding CIOS

Der is in soad belangstelling foar de nije sirkus-oplieding fan it CIOS op It Hearrenfean. Dat die sneon bliken op de iepen dei en út de ynformaasje-oanfragen de lêste tiid. By genôch studinten set de nije oplieding takom skoaljier útein.
It is de earste sirkus-oplieding op MBO-nivo yn Nederlân. De oplieding duorret trije jier. Ofstudearden kinne yn it sirkus oan it wurk. Mar ek yn sosjaal maatskiplike beroppen of yn de sport.