Erwin Mesu wint alternative Alvestêdetocht

31 jan 2015 - 14:29
  • It peleton ûnderweis op de Weissensee yn Easternryk yn 2013

Erwin Mesu, de Sieu wennet yn Tsjalbert, hat sneon de titel pakt de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee. Mesu ried yn de kopgroep en ûntsnapte yn de slotkilometers. Bob de Vries fan De Haule einige as twadde. It tredde plak gong nei Bart Mol. Titelferdigener Simon Schouten einige as fjirde.

By de froulju gong de winst nei Yvonne Spigt, dy't de rapste wie yn in kopgroep fan fjouwer. Iris van der Stelt waard twadde, Sharon Hendriks tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)