Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys winne spektakulêre striid

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys © Romke Visser
De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys wûnen freed yn in spektakulêre wedstriid mei 7-6 fan FSG út Sittard. Yn eigen hal begûnen de Drachtsters net goed oan de wedstriid. By rêst stie der in 0-4 efterstân op it boerd.
Nei rêst waard it sels 0-5 en liken alle kânsen foar de Drachtster froulju ferflein. Mar stadichoan kaam de thúsploech hieltyd tichteby, wat foar frustraasje soarge by FSG. Troch ferskate reade kaarten stie FSG noch mar mei trije spylsters yn it fjild. Yn de slotsekonden soarge Esther van Toledo foar de winnende treffer.