Twa ferwûnen by ûngelok yn Ginnum
By in iensidich ûngelok op de Harstawei yn Ginnum binne twa minsken ferwûne rekke. In man rekke lichtferwûne, in frou siet beknypt en moast der troch de helptsjinsten úthelle wurde.
De traumahelikopter waard ek oproppen, mar hoegde net yn aksje te kommen. Oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat bekend.