Rekôr oantal ûlen yn Fryslân troch mûzepleach

31 jan 2015 - 12:07

De fjildmûzepleach soarget foar in rekôr oan ûlen yn Fryslân. Dat docht bliken út de telling dy't it Natuermuseum alle jierren hâldt. Der binne dit jier 1740 hoarnûlen teld en dat is mear as de 1680 fan it foarige rekôrjier 2009. Ferline jier waarden der net iens 800 ûlen teld. Dêrmei liket it ferbân mei de fjildmûzepleach oantoand, want ûlen ite foar it grutste part fjildmûzen.

Op guon plakken liket it dat ûlen allinnich mar fjildmûzen ite, dat betsjut dat de hoarnûlen per jier twa miljoen fjildmûzen opite.

De ûndersikers sykje noch hieltyd mear plakken dêr't ûlen sitte. Dat kin trochjûn wurde oan it natuermuseum.

Trefwurden: 
ûlen mûzepleach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)