Gesin út Burgum mishannele yn Ljouwert

31 jan 2015 - 10:59

In jonge húshâlding út Burgum, in frou fan 29, in man fan 25 en in berntsje fan in jier binne freedtemiddei mishannele by in ferkearsrûzje yn Ljouwert. Dat wie om kertier foar twaen op de Anne Vondelingwei yn Ljouwert. Se waarden mishannele troch de ynsittenden fan in Citroën Berlingo en in VW Golf.

De man waard mishannele en de frou waard tsjin de auto treaun, wêrtroch in rút knapte. De Burgumers koene de belagers net en de oanlieding is ûnbekend.

De ynsittenden fan de Citroën, twa manlju fan 23 en 26, hawwe har letter melden by de plysje. Sy bekenden dat se belutsen wiene by it ynsidint. Se binne oanhâlden. Der hat him oant no ta ien tsjûge melden, mar de plysje freget oft minsken dy't wat sjoen hawwe har ek te melden om it ferhaal sa folslein mooglik te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)