Zonderland moat 1850 stikkene sinnepanielen ferfange

It technysk bedriuw Zonderland BV fan Minnertsgea ropt 1850 sinnepanielen dy't ynstalearre binne werom. By sa'n hûndert panielen bliuwt focht achter it glês sitten. Hjirtroch soargje de panielen foar steurings. Goed 1650 panielen binne yntusken kosteleas ferfongen. Direkteur Huub Zonderland neamt de problemen in grutte finansjele strop foar syn bedriuw. Neffens Zonderland lizze de problemen by de leveransier út Sina.
Minsken dy't de panielen op it dak hawwe krije fergees nije panielen.