Daley Sinkgraven fan SC Hearrenfean nei Ajax

30 jan 2015 - 23:06
  • Daley Sinkgraven

Daley Sinkgraven ferlit SC Hearrenfean en giet nei Ajax. De 19-jierrige middenfjilder sil in kontrakt tekenje foar 5,5 jier. Neffens ferskate media betellet Ajax in transferbedrach fan seis miljoen euro.

Sinkgraven sels seit dat hy de hantekening noch net setten hat, mar dat hy graach de útdaging oan giet. Hearrenfean wol de transfer noch net befestigje.

Sinkgraven spilet sûnt de D-junioaren by Hearrenfean. Ferline jier makke hy syn debút ûnder Marco van Basten. Yn totaal spile Sinkgraven 37 wedstriden, wêryn hy fjouwer kear skoarde

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)