Restwaarmte foar swimbad De Kûpe yn Bûtenpost

Swimbad De Kûpe yn Bûtenpost wurdt sûnt freed waarm hâlden mei help fan restwaarmte. It swimbad hat yn gearwurking mei buorman Essentra Extrusion in waarmtekeppeling oanlein wêrtroch beide partijen profitearje kinne. De restwaarmte fan Essentra kin sa foar in goed doel brûkt wurde. Mei dizze metoade besparret it swimbad elts jier hast in ton oan kosten.