Erik Wolsink nije trainer kuorbalklup LDODK

30 jan 2015 - 17:45

Erik Wolsink wurdt de nije trainer fan kuorbalklup LDODK. Wolsink is op dit stuit noch trainer by KV Wageningen en folget trainer Jan Sjoerd Pool út Aldegea Smellingerlân op. Pool joech earder al oan op te hâlden as haadcoach by de ploech fan De Gordyk en Terwispel. De Aldegeaster hat der trije jier opsitten by de Fryske kuorbalklup dy't spilet yn de kuorbal league.

Wolsink waard yn syn eigen karriêre fiif kear útroppen ta kuorballer fan it jier en ien kear ta coach fan it jier. Hy trainde ferskate kuorbal league-klups, lykas DVO en PKC.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK Kuorbal League
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)