Ferûngelokke kraansjauffeur is net goed wurden

Slim ûngelok mei grutte kraan Kielstra © Van Oost Media, Herman van Oost
De 42-jierrige sjauffeur fan de grutte mobile kraan fan it Fryske bedriuw Kielstra dy't ferline wike freed omkaam by in ûngelok yn it Drintske Gieten, is nei alle gedachten krekt foar it ûngelok net goed wurden. Dat docht bliken út ûndersyk fan de plysje.
De man ried moarnsbetiid rjochttroch op in rotonde wêrnei't de swiere kraan fêst kaam te sitten yn in hege ierden wâl midden op de rotonde. Om by de sjauffeur út Schoonebeek te kommen, moast de kraan mei swier materieel út de wâl lutsen wurde. Dat slagge pas nei in pear oeren.