FNP makket him soargen oer takomst De Tjongerskâns

De FNP-fraksje yn de gemeenteried fan It Hearrenfean makket him soargen oer de takomst fan sikehûs De Tjongerskâns. Neffens de fraksje stiet yn in yntern rapport fan soarchfersekerder De Friesland dat it sikehûs yn de takomst net mear ynset wurde sil foar akute sjirurgyske yngrepen. De FNP-fraksje tinkt dat dit it begjin fan de ein is fan De Tjongerskâns as folweardich sikehûs.
De FNP-fraksje hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje oer dizze kwestje.