Wedstriid fuotbalfroulju SC Hearrenfean skrast troch snie

30 jan 2015 - 13:46
  • Fuotbalfroulju SC Hearrenfean

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean komme freed net yn aksje. De thúswedstriid tsjin it Belgyske Oud-Heverlee Leuven giet net troch om't it fjild op sportpark Skoatterwâld bedutsen wurdt troch in laach snie.

It is noch net dúdlik wannear't de wedstriid ynhelle wurdt. De folgjende wedstriid fan de Feanster froulju is oer trije wiken. Op 20 febrewaris giet de ploech fan trainster Jessica Torny op besite by Ajax.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)