Noch gjin dúdlikheid oer de himmelsjek

30 jan 2015 - 13:42

Der is noch altyd gjin dúdlikheid oer de himmelsjek. Ein foarich jier hawwe alle Fryske gemeenten yn totaal 26 miljoen euro krigen foar de ynfiering fan in sjek as kompensaasje foar de húshâldlike help. Troch de desintralisaasje fan de soarch reitsje in soad minsken dizze help kwyt.

De ynfiering fan de sjek moat der foar soargje dat minsken de soarch hâlde, mar ek dat húshâldlike helpen oan it wurk bliuwe. Neffens wethâlder Sjoerd Tolsma fan Súdwest-Fryslân wie it doel om de sjek op 1 febrewaris yn te fieren. Mar dat wurdt no wiken letter.

It meitsjen fan in dúdlike regeling foar alle gemeenten blykt dreech te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)