Kandidatelist Friese Koers bekend makke

30 jan 2015 - 12:47
  • Steatelid Jelle Hiemstra

Friese Koers hat freed de kandidatelist foar de kommende provinsjale steateferkiezings presintearre. Oprjochter en steatelid Jelle Hiemstra fan Snits is listlûker. Finansjeel spesjaliste Lilian Broumels út Itens folget op plak twa en Geert Pieter Vermeulen út Snits, bestjoerslid by Sportklup Hearrenfean, stiet op trije.

De partij Friese Koers ûntstie de ôfrûne steateperioade, doe't Jelle Hiemstra him los makke fan de PVV-fraksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)