Fryske Katoliken moatte posityf bliuwe

30 jan 2015 - 12:25

Katoliken yn it Bisdom Grins-Ljouwert moatte posityf bliuwe. Dat is de boadskip fan biskop Gerard de Korte oan alle katolike minsken yn de provinsje. Katolike mienskippen kinne neffens de biskop sels sûnder eigen tsjerkegebou. Sy kinne in 'fitale' mienskip bliuwe troch bygelyks gear te wurkjen mei de protestante mienskip yn stêd of doarp.

Biskop De Korte hat dit boadskip yn in brief stjoerd oan de pastoareteams en parochybestjoeren. It bisdom Grins-Ljouwert bringt op dit stuit it oantal parochys werom fan 80 nei 19.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)