Twa skûtsjes te sjen by jubileumedysje fan Boot Holland

30 jan 2015 - 12:13

By it WTC Expo yn Ljouwert komme de kommende dagen fjirtich boaten binnen. Nije wike begjint nammentlik de beurs Boot Holland. Opfallende oanwêzigen ûnder de boaten binne de beide Fryske skûtsjes. It giet om it SKS-skûtsje Doarp Huzum en it IFKS-skûtsje De Sinnekening. Ek sil der in Lemster aak te sjen wêze.

De skûtsjes binne dit jier spesjaal útnoege om it 25-jierrich jubileum fan Boot Holland te fieren. Nei in oantal meagere jierren, ferwachtet de organisaasje dit jier wer folop besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)