Action yn Bilgaard moat mear winkelpublyk lûke

De nije festiging fan de Action moat tûzenen besikers nei it winkelsintrum fan Bilgaard yn Ljouwert lûke. De winkel ferwachtet wykliks tusken de 6000 en 8000 besikers. De komst fan de Action hat neffens Theo Copini, foarsitter fan de winkeliersferiening Bilgaard, ek positive gefolgen foar de oare winkels.
Copini ferwachtet dat der mear minsken nei it winkelsintrum komme en boppedat sil de leechstân ôfnimme, sa ferwachtet er. It is de bedoeling dat Action yn winkelsintrum Bilgaard noch foar de simmer iepen giet.
Yn 2006 waard Bilgaard troffen troch in grutte brân, wêrby't in grut tal winkels en de bilioteek ferlern gie. De weropbou hat jierren duorre, en lang net alle winkellju hawwe de holle boppe wetter hâlde kinnen.