Marit Bouwmeester klimt yn Miami in plak

30 jan 2015 - 00:02
  • Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester is op de fjirde dei fan de wrâldbekerwedstriden yn Miami ien plak klommen yn de tuskenstân. De wrâldkampioene yn de Laser Radial waard tongersdei tredde en sânde. Bouwmeester hat no 36 punten, goed foar it tredde plak. Anne-Marie Rindom bliuwt koprinner, mar hie in mindere dei mei in 11e en 14e plak. De Deense hat no 29 punten. De Belgise Evi van Acker is twadde mei 34 punten. Freed wurde der noch twa races syld, sneon is de medaljerace.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)