Akteur Dimme Treurniet sil rol fan Grutte Pier spylje

Akteur Dimme Treurniet sil yn 2016 en 2017 de rol fan Pier Gerlofs Donia, oftewol Grutte Pier, spylje. Dat waard tongersdei bekendmakke by it earste teaterstik fan in trijelûk oer de Fryske frijheidsstrider.
It wie tongersdei eksakt 500 jier lyn dat Grutte Pier yn ferset kaam tsjin de Hollanners. Hy begûn syn striid neidat syn pleats yn de brân stutsen waard. Hûnderten minsken wiene nei Kimswert kaam om mei lûden en fjoer it ferbrânen fan de buorkerij fan Donia nei te spyljen.