Frysk koarn nedich foar Skotske wisky

29 jan 2015 - 22:30

Sa'n tweintich bouboeren út Noard-Nederlân hawwe tongersdei yn de wiskystokerij fan Boalsert in ynformaasjebyienkomst bywenne oer it telen fan koarn, bedoeld foar it stoken fan Skotske wisky. Skotlân hat ferlet fan mear koarntelers en wykt dêrom út nei Noard-Nederlân.

De ynfojûn waard organisearre troch bouboerekoöperaasje Agrifirm Plant en Holland Malt. De boeren krigen ynformaasje oer Odessey, sa't it spesjale koarntype hjit. It doel foar 2015 is om minimaal 250 hektare koarn te ferbouwen yn Noard-Nederlân.

Oant no ta is der sa'n 200 hektare beskikber steld troch bouboeren yn it noarden. Neffens Arco Amperse fan Agrifirm Plant is it in unyk projekt, omdat yn Nederlân pas koartlyn úteinset is mei de koarnteelt foar de wiskymerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)