Yakumo Orchestra fierder by de Popfabryk

Yakumo Orchestra © Coen Waltmans Fotografie
It muzikale projekt Yakumo Ochestra fan Keunstwurk en Friesland Pop giet fierder ûnder de flagge fan de Popfabryk. Dit is it produksjehûs foar popkultuer yn Fryslân. It Yakumo Orchestra is in kombinaasje fan klassike muzyk en popmuzyk en is foarrich jier ûntstien as projekt foar it Freeze Festival.
De Popfabryk hat Yakumo Orchestra selektearre foar in Europeesk útwikselingsprojekt om nij talint op Europeeske podia en festivals te krijen. Sneon 7 febrewaris is Yakumo Orchestra te sjen op it Versfestival yn it Bolwurk yn Snits.