Leafdesgedichten foar ynwenners fan Rie

Tongersdei is lang om let ien fan de grutte riedsels fan Rie oplost. Earder dizze wike krigen de ynwenners fan it doarp post fan in geheime oanbidder. In wier leafdesgedicht siet der yn de brievebus. De brieven wiene mei de hân skreaun en sieten yn in klassike slûf mei postsegel.
It wie in riedsel wa't dizze brieven stjoerd hie. Mar tongersdei makke de anonime ôfstjoerder him bekend: it wie de Afûk-dochter Praat Mar Frysk. Se wolle mei de brieven omtinken freegje foar de poëzywike, dy't dizze wike hâlden wurdt.