Friezen fraudearje minder mei oanfreegjen fan PGB

29 jan 2015 - 17:39

Yn Fryslân wurdt oanmerklik minder fraudearre mei it PersoonsGebondenBudget, PGB, as yn de rest fan it lân. Dat seit Jelle Boomgaardt, manager by it soarchkantoar fan fersekerder De Friesland. Ut ûndersyk blykt dat lanlik 7 prosint fan de oanfregers misbrûk makket fan de regeling.

Yn Fryslân is dat mar 3,6 prosint. By in grut part dêrfan giet it boppedat net om oplichting mar om ûnkunde, seit Boomgaardt. De Friesland hat de ôfrûne twa jier mei 2600 minsken oer it PGB praat. In PGB kin oanfrege wurde om soarch yn te keapjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)