Fakbûnen sommearje V&D om leanoffer yn te lûken

V&D yn Ljouwert
De fakbûnen FNV en CNV sommearje de V&D om it leanoffer fan 5,8 prosint foar sa'n 5000 wurknimmers yn it hiele lân uterlik 4 febrewaris yn te lûken. Docht de V&D dit net dan gean de fakbûnen út namme fan hûnderten meiwurkers nei de rjochter.
Neffens it FNV en it CNV is der personiel dat der sels mear as tsien prosint op efterút giet. Ek wol de V&D op in oantal oare punten de arbeidsbetingsten fersoberje. De ôfrûne trije dagen ha rom 340 leden in besite brocht oan de byienkomsten fan de fakbûnen.