Fjouwer kandidaten foar oername fersoargingshuzen Pasana

29 jan 2015 - 14:35

Der binne fjouwer kandidaten foar de oername fan de fersoargingshuzen fan Soarchgroep Pasana. Wa't dat binne en hoe't sy de oername krekt sjogge, wol de kurator net sizze. Hy giet de kommende wiken om tafel mei de kandidaten om te oerlizzen en te ûnderhanneljen oer in oername. It kin noch wol fjouwer wiken duorje foardat dêr mear dúdlikheid oer komt.

Oant dy tiid giet it wurk yn de fersoargingshuzen gewoan troch. Neffens de kurator krije de kliïnten deselde soarch as foar it fallisemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)