Helikopter ynset by syktocht nei fermiste Jouster

Plysje helikopter © Omrop Fryslân
De plysje siket tongersdei mei de helikopter boppe De Jouwer nei de fermiste man, dy't sûnt sneon fuort is. Lâns it wetter fan de Omkromte waarden dit wykein spoaren fûn yn de rjochting fan it wetter.
Yn it wykein waard der al folop socht en juster is der yn it wetter fan de Goaiïngarypsterpolder drêge. Tongersdei wurdt der dus fanút de loft fierder socht. Fan de man is noch altyd gjin spoar fûn.