Man swier ferwûne nei fal fan oplizzer

29 jan 2015 - 13:36

Yn Ljouwert is tongersdei oan de ein fan de moarn in man tige slim ferwûne rekke nei in falpartij. It ûngelok barde oan de Elzestrjitte. De man wie dwaande om in auto fan in frachtwein ôf te heljen, doe't it slachtoffer fan de oplizzer foel. Hoe't dat koe, is net dúdlik.

Omstanners binne fuort begûn te reanimearjen. De helptsjinsten wienen mei twa ambulânses rap te plak. In traumahely waard ek nei it plak fan it ûngelok stjoerd. De man is oerbrocht nei it sikehûs. De arbeidsynspeksje stelt in ûndersyk yn nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok falpartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)