Dokkumer flaggen wapperje yn film oer Michiel de Ruyter

29 jan 2015 - 12:38
  • Dokkumer Vlaggen Centrale

De film Michiel de Ruyter giet tongersdei offisjeel yn premjêre yn de Nederlânske bioskopen. Yn de film is a'n tûzen fjouwerkante meter oan flaggen en findels te sjen. Dizze doeken binne makke by de Dokkumer Vlaggencentrale. Op sylskippen wapperje flaggen en ek de grutte muorrebeklaaiïng komt út Dokkum.

Nije wike woansdei sille de meiwurkers fan de Dokkumer Vlaggencentrale harren eigen wurk besjen yn de bioskoop yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)