Provinsje: "Boeren, ploegje lân foarearst net om"

29 jan 2015 - 11:55

De provinsje docht in driuwende oprop oan boeren mei mûzeskea om foarearst it lân net om te ploegjen. Boeren meie offisjeel fan 1 febrewaris ôf wer op it lân oan it wurk. Mar neffens it Faunafûns, dat de skea oan it lân taksearje moat, is heal febrewaris de bêste tiid om de skea op it lân yn kaart te bringen. Dan is better te sjen hokker stikken lân wól wer goed binne, en hokker lân net.

Oant dy tiid kinne de boeren, dy't skea fan de mûzen hawwe, dus better fan it lân ôfbliuwe.

Nije wike tiisdei 3 febrewaris hat Deputearre Steaten syn wyklikse gearkomste. Nei alle gedachten sil de provinsje dan it Faunafûns offisjeel opdracht jaan om te begjinnen mei de taksaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)