In Frysk boek lêze yn de Boekebus

29 jan 2015 - 11:48

Fyftjin streekbussen fan Arriva en Qbuzz ride de kommende moannen mei in boekekast fol Fryske boeken troch de provinsje. Doel is om it lêzen fan it Frysk te stimulearjen. De boeken meie fergees troch de reizgers lêzen en sels meinaam wurde.

De aksje is in inisjatyf fan de provinsje en de stichting Boeken fan Fryslân. Neist it stimulearjen fan it lêzen fan Fryske boeken is it ek de bedoeling om it reizgjen yn de bus nofliker te meitsjen. It giet foarearst om in proef oant de simmer. Dêrnei wurdt besjoen oft it projekt ferlingd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)