Gjin skea oan diken troch stoarm

29 jan 2015 - 11:39

De stoarm yn de nacht fan woansdei op tongersdei hat net foar skea soarge oan de diken yn it súdwesten fan Fryslân. Wetterskip Fryslân hat tongersdeitemoarn de diken ynspektearre. Dêr wie reden ta om't de wetterkearings troch de mûzepleach bot oantaast binne.

It wetterskip besjocht de situaasje fan dei oant dei en nimt, as dat nedich is, maatregels. Dan falt te tinken oan it stoarten fan ekstra klaai, sânsekken of basaltblokken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)