Marit Bouwmeester sakket nei it fjirde plak yn Miami

Marit Bouwmeester © Ocean Images (Argyffoto)
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is op de tredde dei fan it silen om de wrâldbeker yn Miami sakke nei it fjirde plak. Woansdei waard de wrâldkampioene út Warten yn de Laser Radial njoggende en achtste. Op tiisdei hie se har ôflûkresultaat troch in falske start te pakken.
De Deense Anne-Marie Rindom giet mei alve punten oan de lieding. De Ierse Annalise Murphy hat 15 punten, Evi van Acker fan België 22 en Bouwmeester 26 punten. Sneon is de lêste dei yn Miami mei de medaljerace.