Learlingen Lauwers College hawwe goede oansluting mei it HBO

29 jan 2015 - 11:04

It Lauwers College heart by de bettere skoallen fan Nederlân as it giet om in goede oansluting mei it heger beropsûnderwiis. Dat docht bliken út ûndersyk fan de ûnderwiisynspeksje. Ut lanlike sifers docht bliken dat de útfal fan earstejiers studinten yn it heger beropsûnderwiis op 'e nij tanommen is.

Dat jildt net foar learlingen fan it Lauwers College. Foaral op it mêd fan rekkenfeardigens en selsstannich learen binne de learlingen tige tefreden oer de oansluting mei it heger beropsûnderwiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)