Kimswert betinkt Grutte Pier mei teaterstik De Brân

Ynwenners fan Kimswert binne tongersdei drok dwaande mei de tariedings foar it iepenloftspektakel De Brân. It teaterstik is diel ien yn in trijelûk oer de Fryske frijheidsstrider Grutte Pier. Tegearre mei teatermakkers fan de Peergroup fiere de ynwenners mei it stik dat it eksakt 500 jier lyn is dat Grutte Pier yn ferset kaam tsjin de Hollanners.
Hy begûn syn striid nei't syn pleats yn brân stutsen waard. Om dat te betinken wurdt tongersdeitejûn yn Kimswert op 'e nij in pleats yn de brân stutsen. Dy pleats is dêr spesjaal foar boud.
Yn ferbân mei it teaterspektakel kin der fan seis oere jûns ôf gjin ferkear mear it doarp yn komme. Der ride dan ek gjin bussen mear. It publyk moat nei it doarp ta rinne. Der is wol beperkt ynvalideferfier. It ienmalige iepenloftspektakel is stiif útferkocht. Der wurde 1500 besikers ferwachte út Kimswert en fiere omkriten. As it te hurd waait wurdt de foarstelling ôflast, mar dêr giet de organisaasje net fanút. 'De Brân' is de earste foarstelling fan in trijelûk oer fersetsstrider Grutte Pier. It is it doel dat ek yn 2016 en 2017 in foarstelling oer Grutte Pier makke wurdt.